Garnalefiskers ha it dreech

23 nov 2009 - 15:23

De situaasje foar garnalefiskers bliuwt soarchlik. De ekonomyske krisis treft de hûndert noardlike fiskers bot. It kin neffens saakkundigen noch wol twa jier duorje foardat it wer wat better giet. De priis foar garnalen is sa leech dat guon fiskers net útfarre.

De ferkeap fan fiskersboaten wol ek net helpe, want troch de krisis leit de ferkeap sa goed as stil. De stifting Hulp in Nood hopet dat minister Verburg fan fiskerij de sektor helpe sil mei in sanearingsplan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)