IIsstânbyld Bonifatius stikken

Bonifatius hat Dokkum foar de twadde kear net oerlibbe. Ofrûne sneon is de hiele dei troch twa keunstners oan in iisskulptuer fan de hillige wurke. Mar by it ferpleatsen fan it byld gie it mis.
As oan de ein fan de dei it byld mei in heftruck fan it poadium ôfhelle wurdt, begjint de skulptuer gefaarlik te wibeljen. It rint net goed ôf mei de Bonifatius fan iis. It byld komt te fallen en klapt útinoar yn tsientallen stikken.