Hockeyskoalle Snits los

Yn Snits is de earste hockeyskoalle fan Fryslân begûn, in inisjatyf fan Sietske Geerards. Sy wennet sûnt 2004 yn Snits en hat yn it suden fan it lân in soad ûnderfining opdien. Sy wol fral besteande trainers begeliede, mar ek talinttrainings jaan.
Hockey groeit de lêste jierren flink, ûnder oare troch de goede prestaasjes fan de nasjonale teams. Neffens Sietske Geerards leit it nivo fan it hockey yn Fryslân op dit stuit leger as yn 'e rest fan it lân.