Ljouwert krijt studintedoker

23 nov 2009 - 12:08
  • De húsdokterpraktyk krijt in plakje yn de nije NHL-kampus

De nije kenniskampus fan 'e NHL yn Ljouwert krijt in eigen ynterne húsdokterspraktyk. Dy dokter sil ek jûns sprekoere hâlde, as de studinten dat wolle. It giet om in inisjatyf fan huisartsenzorgcentrum Leeuwarden oan de Emmakade.

Op de nije kenniskampus sitte sawat 8000 studinten. De iepening is nei alle gedachten takom jier. De kampusdokter wol foaral ek de bûtenlânske studinten behannelje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)