Saak Ludmilla: trettjin tips

23 nov 2009 - 10:43
  • De plysje die sneon wiidweidich buertûndersyk yn de Vosseparkwyk yn Ljouwert

De plysje hat trettjin nije tips krigen oer de ûntfiering fan Ludmilla Postma. Ofrûne sneon is der in grut buertûndersyk dien yn de Ljouwerter Vosseparkwyk. De frou (39) út Jislum soe dêr mei in beskaat doel west ha foardat se twa wike lyn troch noch ûnbekende manlju ûntfierd waard.

In pear dagen nei har ûntfiering koe se sels ûntsnappe. Wat Ludmilla Postma krekt te sykjen hie yn de Vosseparkwyk wol de plysje net sizze. De plysje wurket oan de saak mei 34 minsken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)