Auto's fernield by ynbraak

23 nov 2009 - 10:13

By in ynbraak by in garaazje oan de Poolsterwei yn Ljouwert binne sneintejûn twa auto's fernield. De plysje krige in melding dat der ruten fernield wiene by it bedriuw. By fierder ûndersyk die bliken dat yn de wurkpleats fan it bedriuw ek noch in auto mei oanhingwein stie, dy't gjin eigendom wie fan it garaazjebedriuw.

Dizze auto wie op in oar plak stellen. De auto is yn beslach naam. In 45-jierrige ynwenner út Ljouwert hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)