Frou treft ynbrekkers yn hûs

In 35-jierrige bewenner fan in hûs oan de Troelstrastrjitte yn Harns trof sneintejûn ynbrekkers oan yn har wente. De frou hearde lûden op de boppeferdjipping op it momint dat se thús kaam. Se belle dêrop it alaarmnûmer en út benaudens hat se fuortendaliks har hûs ferlitten.
Op it momint dat de plysje te plak wie, wiene de dieders al fuort. Ut de wente binne sieraden stellen.