VVD-krityk op sporthal Caparis

23 nov 2009 - 09:22
  • Ferline wike freed waard de 'lêste peal' foar de sporthal fan Caparis slein

De VVD yn Ljouwert fynt it ûnbegryplik dat wurkfoarsjenningsskip Caparis ynvestearret yn in eigen sporthal yn Drachten foar de meiwurkers. De VVD-fraksje hat hjir fragen oer steld oan it Ljouwerter kolleezje. Dit omdat de gemeente Ljouwert dit jier noch in miljoen euro beskikber stelle moast om Caparis finansjeel sûn te meitsjen.

De VVD wol fan it kolleezje witte oft it bouwen fan in sporthal in taak fan Caparis is en oft de ynvestearring ôfstimd is mei de oandielhâlders.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)