Faksinaasjekampanje fan start

23 nov 2009 - 07:18

De grutte kampanje om tsientûzenen Friezen yn te intsjen tsjin de Meksikaanske gryp giet moandei fan start. Op 19 lokaasjes yn de provinsje kinne minsken bern oant en mei fjouwer jier in prik jaan litte. Ek húsgenoaten fan lytse poppen oant in heal jier kinne in prik helje.

De GGD ferwachtet gjin lange wachttiden, omdat der in goed opropskema is. De plysje is op de hichte brocht om mooglike ferkearsproblemen op te lossen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)