Sven Kramer wint 10 kilometer

22 nov 2009 - 17:37
  • Sven Kramer yn aksje yn Hamar (foto: Martin de Jong)

Sven Kramer is nei de 5 kilometer ek op de 10 kilometer wis fan dielname oan de Olympyske Spelen yn febrewaris 2010. Kramer wûn snein by de wrâldbekerwedstriden yn it Noarske Hamar op oertsjûgjende wize de tsien kilometer.

Syn tiid fan 12.50,96 wie in ferbettering fan it baanrekôr. Bob de Jong einige yn 12.54,97 as twadde. Sven Kramer hie fan it reedridersbûn in beskerme status krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)