Hearrenfean ferliest mei 5-1

Goran Popov (foto: Dirk Jan Haarsma)
Sportklup Hearrenfean hat snein yn de Amsterdamse Arena mei 5-1 ferlern fan Ajax. It wie in wedstriid mei twa gesichten. Alle doelpunten foelen yn de earste helte. Foar Ajax skoarden: Demy de Zeeuw (twa kear), Marko Pantelic, Ismail Aissati en Luis Suarez.
Goran Popov makke it iennichste doelpunt foar de Feansters. De twadde helte wie eins in formaliteit. Ajax woe net mear en Hearrenfean koe net mear.