Bushokjes fernield

Yn Drachten binne yn de nacht fan sneon op snein fjouwer bushokjes fernield. De plysje is noch op syk nei de dieders. It giet om de bushokjes by de haltes Andreascollege/ Overstesingel, Zwemmer, Eems en de Martin Luther Kingsingel. De plysje freget mooglike tsjûgen har te melden.
Yn Dokkum waard ek in bushokje fernield oan de Dongeradyk. Dêr koe de plysje in 31-jierrige man út Dokkum foar oanhâlde, omdat in tsjûge syn signalemint goed trochjûn hie.