Betrape mei te folle drank op

22 nov 2009 - 15:13
  • (Argyffoto)

De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein by ferskate alkoholkontrôles seis minsken betrape mei te folle drank op. Yn twa gefallen wie it alkoholpromillaazje by de bestjoerders sa heech, dat de plysje it rydbewiis ynnimme moast.

Dat barde sneontejûn om alve oere mei in 23-jierrige snorfytser út Aldeholtpea yn Wolvegea en sneintemoarn om ien oere mei in 23-jierrige autobestjoerder út 'e Gordyk yn Drachten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)