Mishanneling yn Snits

In 39-jierrige man út Sibrandabuorren is yn de nacht fan sneon op snein yn Snits oppakt foar it mishanneljen fan trije oare manlju. Hy wie lilk wurden omdat er yn in kroech oan de Lytse Tsjerkestrjitte bier oer him hinne krigen hie.
Hy sloech dêrnei wyld om him hinne en rekke dêrby de trije oaren, wêrûnder in 43-jierrige man út Snits. Alle trije slachtoffers moasten har ferwûnings behannelje litte yn it Antoniussikehûs yn Snits.