Foarronde Metal Battle

22 nov 2009 - 13:29

De Metal Battle is in lanlike striid tusken underground metal bands út hiel Nederlân. De Fryske foarronde wurdt holden op sneon 20 febrewaris yn poppoadium Romein yn Ljouwert. De winner fan de Metal Battle foarronde Fryslân giet troch nei ien fan de trije heale finales yn maart.

De finalisten nimme it dan tsjin inoar op yn Atak yn Enschede. Fryske metalbands kinne har oanmelde op de webside fan poppoadium Romein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)