Nei 112 jier ein keatsklup?

22 nov 2009 - 11:08
  • De webside fan KV Foarút

Keatsklub KV Foarút út Marsum sit te springen om nije bestjoersleden. De klup hat op it stuit noch seis bestjoerders. Ynkoarten hâlde twa der mei op, wêrûnder de foarsitter. Dy basis is te meager om mei fierder te kinnen.

KV Foarút hâldt moandei in bûtengewoane ledegearkomste belein, mei as iennichste agindapunt it fuortbestean fan de feriening. De klup hat 230 leden en bestiet al 112 jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)