Flater op gryp-opropkaart

Flater op opropkaart foar prik
Op de opropkaart foar de yninting tsjin de Meksikaanse gryp foar ynwenners fan Frjentsjerteradiel, Harns en Menameradiel stiet in flater. De minsken moatte nei sporthal De Trije yn Frjentsjer. Mar it adres dat dêrby jûn wurdt kloppet net. Dat seit de gemeente Frjentsjerteradiel.
Der gie mear mis mei de opropkaarten. Sa krigen famyljeleden fan lytse poppen der net ien. Yntusken binne dy wol ferstjoerd. De ynintingskampanje tsjin de gryp begjint moandei.