Tredde winst Hajé Flyers

De Hajé Flyers (argyffoto Martin de Jong)
De Hajé Flyers ha ek de tredde wedstriid yn 'e iishockeykompetysje wûn. Op it iis fan Thialf waarden de Grinzer Grizzlies mei 12-4 ferslein.
Twa perioaden lang hie Grins net it measte yn te bringen: 4-0 en 4-1. Yn de tredde en lêste perioade krigen de Flyers ryklik tiidstraffen en naam Grins in 3-1 foarsprong. Yn de lêste seis minuten waard ek dat troch de Flyers rjochtset: 4-3.