Harkemase Boys wint fan Berkum

Trainer Henk de Jong fan Harkemase Boys
Sneonshaadklasser Harkemase Boys hat yn Swolle mei 2-1 wûn fan Berkum. Yn de earste helte waard der op it keunstgersfjild net skoard. Yn de 82e minút kamen de Harkiten op foarsprong troch in eigen doelpunt fan Berkum.
Roel van der Meulen soarge fuort dêrnei foar de 2-0 fan de Boys. Marc van der Meulen brocht de spanning werom: 1-2, mar fierder kaam de thúsploech net. Harkemase Boys hat no 20 punten út 10 wedstriden en stiet twadde, twa punten achter Excelsior'31.