Elma de Vries 8e op 5000 m.

21 nov 2009 - 15:17

Reedrydster Elma de Vries, earder fan De Haule, is sneon by wrâldbekerwedstriden yn it Noarske Hamar achtste wurden op de 5000 meter. De Vries sette 7.10,72 op de klok.

De Tsjechyske Martina Sablikova wûn de fiif kilometer yn in nij baanrekôr fan 6.50,07. De oare Nederlânske reedrydsters einigen yn de efterhoede. Renate Groenewold waard alfde en foarlêste yn 7.13,17. It lêste plak wie foar Moniek Kleinsman mei in tiid fan 7.18,43.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)