Alvestêdefeest yn Dokkum

It hûndertjierrich-jubileumfeest fan de Alvestêdeferiening wurdt dizze wike fierd yn Dokkum. Ta gelegenheid fan it jubileum is der yn mûne Zeldenrust in útstalling mei foto's fan de Alvestêdetocht yn Dokkum te sjen.
Op de Merk yn it sintrum fan de stêd is in keunstiisbaan oanlein. Skoalbern út de omlizzende gemeenten krije hjir de kommende dagen reedrydles. Twa iisskulptuerkeunstners binne sneon de hiele dei dwaande om in Bonifatius fan iis te meitsjen.