Ferwûne by botsing De Jouwer

In 17-jierrige brommerrider út Haskerhoarne en in 49-jierrige fytsster fan De Jouwer binne freedtejûn ferwûne rekke by in botsing op de Brêgestrjitte yn De Jouwer.
De fytsster hie gjin ljocht op en stuts de dyk oer. De brommerrider seach de frou te let en koe har net ûntwike. Beiden binne mei ferwûnings oan de holle en de skonken nei it sikehûs op It Hearrenfean brocht.