Auto's fernield yn Wierum

21 nov 2009 - 14:01

Trije fandalen hawwe freedtejûn yn Wierum seis auto's fernield. It giet om trije 15-jierrige jonges út Moddergat, Nes en Easternijtsjerk. In tsjûge seach op de Pastorijsingel dat de knapen lâns de auto's fytsten en dizze fernielden.

Hy belle de plysje, gie achter de jonges oan en pakte ien fan harren. De plysje pakte letter de beide oare fernielers op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)