Fideokonferinsje gerjochtshôf

21 nov 2009 - 13:24

Meiwurkers fan it gerjochtshôf yn Ljouwert hoege aanst net mear kilometers te reizgjen om te oerlizzen mei kollega's yn Arnhem. It hôf wol fideo-konferinsje brûke foar in nauwe gearwurking. Fia kamera's kinne se dan mei elkoar fergaderje.

Ien en oar is it gefolch fan it iepen bliuwen fan it hôf yn Ljouwert. Minister Hirsch Ballin fan Justysje woe de hôven yn Ljouwert en Arnhem ferfange foar ien sintraal hôf yn Swolle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)