Oanriding by Hurdegaryp

21 nov 2009 - 13:13
  • Foto: Robertjan Boonstra

In 78-jierrige Burgumer is freed ferwûne rekke by in oanriding op de Ryksstrjitwei by Hurdegaryp. De man rekke troch noch ûnbekende oarsaak op de ferkearde kant fan de dyk en botste frontaal op in oare auto.

Twa oare bestjoerders koene de man mar krekt ûntwike. De man botste tsjin in lantearnepeal en moast troch de brânwacht út syn auto helle wurde. Hy is nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)