Undersyk nei ûntfiering

21 nov 2009 - 12:43
  • It buertûndersyk yn Ljouwert

De frou út Jislum dy't twa wike lyn yn Ljouwert ûntfierd waard, wie mei in bepaald doel yn de Vosseparkwyk yn de stêd. Dat seit de plysje. De plysje wol net fertelle wat de frou dêr krekt te sykjen hie, yn it belang fan har feilichheid.

De frou is op in geheim plak ûnderbrocht, ek fanwege de feilichheid. De plysje hat sneon de hiele dei in buertûndersyk dien om mear dúdlikheid te krijen oer de achtergrûnen fan de ûntfiering.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)