FNV-aksje tsjin AOW

21 nov 2009 - 09:16

Sa'n tûzen Friezen binne sneon by in protestbyienkomst fan it fakbûn FNV tsjin de kabinetsplannen om de AOW-leeftiid te ferheegjen fan 65 nei 67. De Friezen binne fan ferskate plakken yn de provinsje nei Assen gien, ien fan de fjouwer plakken dêr't it fakbûn in grutte byienkomst hâldt.

Yn Assen wurde 3500 minsken ferwachte. Der binne taspraken fan fakbûnsminsken en der is in optreden fan de band Diep Triest.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)