Cambuur wint en hâldt de nul

20 nov 2009 - 22:51

SC_Cambuur wûn freedtejûn mei 1-0 fan FC Emmen. Benammen yn de earste helte krige de ploech fan trainer Stanley Menzo legio kânsen. Harm Zeinstra, de keeper fan Emmen, koe lykwols syn goal skjin hâlde.

Yn de twadde helte krige Cambuur ek wer in soad kânsen, mar allinnich Sandor van der Heide makke in doelpunt. Om't ek Emmen net skoarde koe Cambuur foar it earst dit seizoen de nul hâlde. By winst tsjin FC Zwolle nije wike pakt Cambuur de 2e perioade.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)