Opropbrieven net besoarge

20 nov 2009 - 17:25

De GGD hat freed bekend makke dat der wat misgien is by it ferstjoeren fan de opropbrieven foar de yninting tsjin de Meksikaanske gryp. De brieven foar húsgenoaten fan poppen tusken de 0 en 6 moanne binne net ferstjoerd. De ferwachting is dat dy brieven sneon by de minsken troch de bus komme.

Foar dejingen dy't gjin brief krigen hawwe en wol by de doelgroep hearre jildt dat se wol nei de oproplokaasje komme moatte en harren identiteitsbewiis meinimme moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)