Henk de Jong langer by Boys

20 nov 2009 - 16:53

Trainer Henk_de_Jong hat syn kontrakt by haadklasser Harkemase_Boys mei ien jier ferlingd, mei in opsje foar noch in jier. It kontrakt fan De Jong rûn nei dit seizoen ôf.

Henk de Jong is no twa jier trainer by Harkemase Boys. Hy waard twa kear kampioen en wûn ferline jier ek noch de distriktsbeker. De Boys wolle dit jier promovearje nei de nije Topklasse. De Jong wie yn it ferline assistint-trainer by FC Grins en trainer fan de Hearrenfean-beloften.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)