Caparis krijt eigen sporthal

Alle wiken in oerke ferplicht sporte is goed foar liif en geast. Meiwurkers fan 'e sosjale wurkfoarsjenning Caparis seagen it lykwols net sitten. Op oantrunen fan de direksje barde it dochs en dat oerke ferplicht switte is no net mear wei te tinken.
Om it sporten ek yn de winter mooglik te meitsjen waard freed de lêste peal slein foar in sporthal njonken de Caparislokaasje oan de Ampèreleane yn Drachten. Smellingerlân en Caparis betelje de nije sporthal tegearre.