'Ielfiskers wite net fan kop'

De skieppekop yn de tún fan Van Gelder
Fryske ielfiskers ha neat te krijen mei de skieppekop dy't pleatst is yn de tún fan 'e Fryske foarsitter fan de Partij voor de Dieren Annemarie van Gelder. Skriuwer Alida van der Meulen fan de Fryske beropsfiskers doart har hân der foar yn it fjoer te stekken.
Yn de tún fan Van Gelder stie freedtemoarn in peal mei in skieppekop mei dêrûnder in buordsje. Dêr stie: Je maakt je druk om de paling, maar je laat ons ritueel slachten. De Partij voor de Dieren is op ielfiskjen tsjin.