Soad seehûnen mei longwjirm

Der binne in soad sike seehûnen dit jier
Biologe Nynke Osinga fan de Seehûnekresj Pieterburen is in ûndersyk begûn nei de eksplosive groei fan longwjirm by seehûnen. Op de Fryske Waadeilannen spiele folle mear sike seehûnen oan as yn oare jierren. Neffens de seehûnekresj hat de situaasje yn 38 jier net sa slim west.
De ôfrûne wiken is it tal sike seehûnen fierder tanaam. It binne der no hast 220. Yn foargeande jierren waarden yn trochsneed hûndert bisten siik fan de wjirmynfeksje.