Oarlochsfoto's en -films socht

20 nov 2009 - 12:52

Foar it projekt Oorlog in Blik binne de inisjatyfnimmers op syk nei ûnbekende radiofragminten, foto's en filmkes oer de Twadde Wrâldoarloch yn Nederlân. It doel is dat al dit materiaal yn de kommende jierren digitalisearre wurdt. Sa moat foarkaam wurde dat it ferlern giet.

It digitalisearjen bart yn opdracht fan it regear. As earste binne de offisjele argiven oan bar. Sa wurde op it stuit ûnder oare de films fan it Frysk Film Argyf behannele.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)