Plysje fynt bûtenboardmotoaren

20 nov 2009 - 11:20

De plysje ûndersiket fan wa't de sechtjin bûtenboardmotoaren binne, dy't woansdei fûn binne yn in loads op 'e Jouwer. Neffens de plysje is in part fan de motoaren stellen. Oaren binne net foarsjoen fan de krekte nûmering.

Yn de loads waard ek in 27-jierrige ynwenner fan Skarsterbrêge oppakt. Dy is fêstset op it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)