Ynsidint Snits: tsjûgen socht

20 nov 2009 - 10:52

De plysje hat noch gjin idee wa't de automobilist is dy't tiisdeidetemiddei in 8-jierrich famke twong by him yn de auto te stappen. Dat wie op de Molekrite yn Snits. Plysjes hawwe de ôfrûne dagen buertûndersyk dien. It famke is ek heard en kamerabylden fan foarbygeande auto's binne besjoen. Dat hat noch net in fertochte opsmiten.

Dêrom wurde no tsjûgen socht dy't sjoen ha dat it famke by de man yn de auto stapt is. It giet om in famke mei blonde krollen en in waveboard by har.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)