Winsum wint doarpestriid

20 nov 2009 - 09:33

It doarp Winsum hat tongersdei de doarpestriid fan 'e gemeente Littenseradiel wûn. Dat is in kwis fan en oer de gemeente. Hy is bedoeld om de ynwenners mear by de polityk te belûken. De haadpriis fan 350 euro mei yn it winnende doarp ynvestearre wurde.

De earste edysje wie in súkses. Yn in fol doarpshûs fan Wommels giene 14 doarpen de striid oan foar it jild, mar foaral ek foar de eare. De kâns is grut dat de kwis wer hâlden wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)