Pinautomaat definityf fuort

Gerkeskleaster-Strobos rekket definityf de pinautomaat kwyt. In hantekenaksje fan Doarpsbelang hat dêr gjin feroaring mear yn bringe kinnen. Neffens eigner Rabobank fan de pinautomaat is it beslút net mear te kearen.
De bank hellet de automaat fuort omdat dy te min brûkt wurdt yn ferhâlding ta de kosten. De pinautomaat moat derwei as ûnderdiel fan in gruttere besunigingsaksje, wêrby't ek sân filialen tichtgean.