Moalderspaed B'mole oanpakt

19 nov 2009 - 22:34

It Moalderspaed by Bitgummole sil opknapt wurde. De gemeente hat dêr tongersdei jild foar beskikber steld. It paad is al jierren sa fertutearze, dat net ien der mear gebrûk fan makket. Neist it opknappen fan it paad komt der ek in grutte bult yn de rûte en in fisksteiger. Ek moat der in ruterpaad oanlein wurde dat it Moalderspaad krúst.

It doarp hie de plannen foar it paad al jierren en no kinne dy dan einlings útfierd wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)