Farbelesting is fan 'e baan

19 nov 2009 - 20:05
  • De farbelesting is foarearst fan de baan

De farbelesting foar wettersporters is foarearst fan 'e baan. Dy belesting wie bedoeld om knipepunten op it wetter oan te pakken, mar minister Verburg set dêr in streek troch. Se wol de brânzje earst de kâns jaan om in oplossing te finen. Dan giet it bygelyks om de oanpak fan ûndjipten en de brêgebetsjinning.

De wettersport hie in soad krityk op de belesting. Sy fregen har ôf oft it jild wol echt brûkt wurde soe foar de oplossing fan 'e problemen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)