Dokumintêre oer Anker en Anker

19 nov 2009 - 19:51
  • Wim en Hans Anker binne de haadpersoanen yn in dokumintêre

De dokumintêre oer de Fryske advokaten Anker en Anker is hast klear. Yn maart of april komt de doku op tillevyzje. Yn de doku folgje de makkers de twilling yn har wurk as advokaat. Se filmje yn de rjochtseal, mar ek de petearen mei kliïnten komme foarby.

It idee ûntstie mear as twa jier lyn, doe't de makkers dwaande wiene mei in oare dokumintêre: Longstay, oer tbs-ers dy't har hiele libben yn in klinyk sitte. Dy giet tongersdei yn premjêre op it filmfestival IDFA.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)