FNP-krityk op rekkeningriden

19 nov 2009 - 19:45

De Steatefraksje fan de FNP wol dat útrekkene wurdt wat Fryske automobilisten kwyt binne as it rekkeningriden ynfierd wurdt. De FNP wol net dat de regio mear betellet omdat de ôfstannen hjir grutter binne.

De partij wiist derop dat de measte minsken yn de provinsje oanwiisd binne op de auto foar boadskippen, wurk of oare saken. De FNP wol dat der spesjaal taryf foar de Fryske diken komt. Dat moat de ynset wurde by it oerlis tusken Ryk en provinsjes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)