UR fan Enitor opstapt

19 nov 2009 - 16:51
  • Enitor ferwurket keunststof

De ûndernimmingsried fan Enitor yn Bûtenpost is tongersdei opstapt. It bedriuw ferwurket keunststof. Neffens direkteur Schootstra woe de UR in tal grutte besluten net nimme. Dat hat foaral te krijen mei it feit dat de foarsitter om priveeredenen in moanne lyn út de ried stapt is en in tal UR-leden noch mar krekt aktyf is.

Der wurde no nije ferkiezings útskreaun. Der is wol belangstelling toand om in sit yn de nije UR te nimmen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)