Plysje siket ûntfierders

19 nov 2009 - 15:17

De plysje siket in Dútskpratende man. Hy soe te krijen ha mei de ûntfiering fan in frou út Jislum. Hy soe har kocht ha. Ludmila Postma (39) út Jislum waard op 7 novimber yn Ljouwert ûntfierd troch twa manlju dy't Russysk praten. Se waard wreed behannele en martele. Se waard mei noch in oare Russyske frou trochferkocht. Se wist te ûntkommen en dûkte op yn Brabân.

It oare slachtoffer, Olga, is noch spoarleas. De plysje siket nei de ûntfierders en de keaper.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)