Mear kâns op Alvestêdetocht

19 nov 2009 - 15:06
  • Wetterskip hâldt rekken mei natueriis

De kâns op in Alvestêdetocht wurdt grutter troch nij belied fan Wetterskip Fryslân. Dy wol mear rekken hâlde mei natueriis. Yn jannewaris wie dêr kommoasje oer. Doe sette it wetterskip yn in froastperioade de gemalen wer oan, sadat it iis tinner waard. Reedriders wienen lilk.

It wetterskip sil better kontakt ha mei iisklups en de Alvestêdeferiening. Ek wurdt in froastperioade sjoen as kalamiteit sadat spesjale maatregels naam wurde kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)