Wer 4 jier sel ferkrachter

19 nov 2009 - 14:58

In Ljouwerter (40) hat ek yn heger berop fjouwer jier sel krigen foar it gewelddiedich ferkrachten fan syn eks-freondinne. Dat wie ein 2006. De frou rekke dêrby sa slim ferwûne dat se in skoft lang in stoma hân hat.

Earder hie de rjochtbank de man ek al ta fjouwer jier sel feroardield. De Ljouwerter gie yn heger berop om't er ûntkent. Mar de rjochtbank en it Hôf fine dat der genôch bewiis fûn is yn it DNA-materiaal dat yn it bêdeguod fan it slachtoffer fûn is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)