Plannen foar Aldheidskeamer

Der moatte mear besikers komme
De Aldheidskeamer yn Kollum moat mear mei oare organisaasjes gearwurkje. Ek moat der mear omtinken wêze foar de kommunikaasje. Dat fynt it kolleezje fan Kollumerlân. It bestjoer moat mei dizze rjochtlinen in plan útwurkje.
Yn de plannen stiet ek dat der mear frijwilligers komme moatte. De gemeente wol der hast 30.000 yn ynvestearje. Doel is om mear besikers nei de Aldheidskeamer te lûken.