Türk en Rustenberg wer fit

19 nov 2009 - 13:37

De seleksje fan SC Cambuur wurdt wer wat fitter. Twa spilers trainden de lêste training foar de wedstriid tsjin Emmen wer mei. Oguzhan Türk en Randy Rustenberg komme werom fan in blessuere. Jos van Nieuwstadt trainde wol wer mei, mar sil nei alle gedachten noch net fit genoch wêze om mei te spyljen. Rudy Jansen is noch altyd blesseard en ek Chris de Wagt wie der net by. Stanley Menzo wie siik.

Cambuur spilet freedtejûn thús tsjin nûmer achttjin FC Emmen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)