Stellerijen Harns oplost

19 nov 2009 - 10:16

De plysje hat in Harnzer (23) oppakt. Dêrmei is in grut tal stellerijen en fernielings oplost. De man waard ein oktober oanhâlden en hat ûnder it ferhoar tolve stellerijen en fernielings bekend. Doe't ien syn stellen fyts by in hoarekagelegenheid stean seach, warskôge dy de plysje.

De Harnzer hat guod fernield by in autowasksintrum en op ferskate plakken hat er koper stellen. Hy hat in proses-ferbaal krigen. Hy sit noch fêst om't er in tal boeten net betelle hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)