Wer buertûndersyk yn Snits

De plysje docht wer buertûndersyk
De plysje docht tongersdei buertûndersyk yn de wenwyk Tinga yn Snits. Dêr is tiisdei in famke fan acht lestich fallen.
In man frege har it paad nei de Poiesz-supermerk. Hy twong har yn syn auto te stappen. By de supermerk stapte de man lykwols net út, mar ried werom nei de wyk Tinga. It famke seach dêr kâns om út de auto te kommen. De plysje praat nochris mei it famke om't se noch net in dúdlike omskriuwing fan de man en it foarfal jaan koe.